Organisaasje is bot teloarsteld oer skrassen Otterloop

24 okt 2018 - 12:05

Dat de Otterloop kommend wykein yn Earnewâld net trochgiet, is in grutte teloarstelling foar foarsitter Addy de Jongh fan de Stichting Vrienden van de Otter. It doel fan de sponsorloop wie om jild op te heljen foar it foarkommen fan de ferdrinkingsdea fan otters yn fiskfûken.

It affysje foar de kuier. - Foto: Vrienden van de Otter&Fryske Fiskers

De organisaasje koe net genôch ferkearsregelers en oare frijwilligers fine, wêrtroch't de feiligens fan de dielnimmers en it publyk net garandearre wurde koe. Neffens De Jongh wiene der yn totaal 31 frijwilligers nedich, wêrûnder 11 ferkearsregelers. Der hie him mar ien regeler oanmeld. ''Terwijl we toch op tijd zijn begonnen met de werving'', seit De Jongh.

Hjerstfakânsje

It hat neffens De Jongh neat te krijen mei de strange regels foar ferkearsregelers. ''Mensen moeten wel een diploma hebben, maar in de praktijk is dit niet moeilijk te behalen.''

Neffens De Jongh komt it foaral om't in soad minsken noch fuort binne yn ferbân mei de hjerstfakânsje en hiene minsken oan de ein fan in drok seizoen ek harren nocht wol in bytsje.

Der waarden sa'n 100 dielnimmers ferwachte. Om't de organisaasje in soad positive reaksjes krige, wolle se besykje it evenemint letter te hâlden.

(advertinsje)