Froulju stekke yn Ljouwert autobannen fan besoarger lek

24 okt 2018 - 11:58

De plysje hat tiisdeitejûn twa 22-jierrige froulju yn Ljouwert oanhâlden nei't se yn de Marowijnestrjitte trije autobannen fan in besoarger lekstutsen hiene.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De eigener trappearre de beide froulju op 'e died en koe ien fan harren sels fêsthâlde. De plysje koe de twadde fertochte efkes letter yn de buert oanhâlde. De froulju sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Drugshannel

De plysje hat tiisdei twa Ljouwerters oanhâlden as fertochte fan de hannel yn drugs. It giet om in 19-jierrige en in 53-jierrige man. De plysje stelde in ûndersyk yn nei klachten oer de drugshannel yn de Vredeman de Vriesstrjitte. De plysje ûndersiket de saak.

Pepperspray

De plysje yn Ljouwert hat tiisdei in 32-jierrige man oanhâlden dy't yn in hûs siet dêr't er net langer komme mocht. De man woe de wenning net ferlitte. Ut ûndersyk die bliken dat it om in bûtenlânske man gie, dy't it lân útset wurde moast. Hy is om dy reden oerdroegen oan de frjemdlingeplysje. De man fersette him sa bot tsjin syn oanhâlding, dat de plysje pepperspray brûke moast.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drugs
(advertinsje)