René van der Weij giet fuort by VV Bûtenpost

24 okt 2018 - 11:47

Trainer René van der Weij hat besletten oan de ein fan it seizoen fuort te gean by VV Bûtenpost. De 35-jierrige Ljouwerter is dwaande mei syn sechsde seizoen by de klup en hat it earste alvetal foarich jier nei de haadklasse laat. It bestjoer sil no in geskikte opfolger foar Van der Weij sykje.

Trainer René van der Weij fan Bûtenpost - Foto: www.orange-pictures.nl

Kampioen

VV Bûtenpost hie yn it seizoen 2016/2017 in topjier en trainer René van der Weij bliek de jonge spilersgroep noch better meitsje te kinnen. Yn it seizoen 2017/2018 skreau Bûtenpost skiednis troch kampioen te wurden yn de earste klasse E. De Blaukes stean op it stuit op in feilich 12e plak yn de haadklasse B.

"Zes fantastische seizoenen"

"Ik heb hier zes fantastische seizoenen gehad waarvan vier als hoofdtrainer, maar ik wil een nieuwe weg inslaan. Ik kijk terug op zes mooie jaren met het bereiken van de KNVB-beker, periodetitels en natuurlijk het kampioenschap als hoogtepunt", aldus Van der Weij.

(advertinsje)