Martijn Barto komt werom by Cambuur as 'maatskiplik ferbiner'

Ald-Cambuurspiler Martijn Barto komt werom by SC Cambuur. Begjin septimber naam er ôfskied, mar mei yngong fan 1 jannewaris sil er ek aktyf wêze binnen de jeugdoplieding en kantoarorganisaasje.
© www.orange-pictures.nl
Hy sil de ferbinende faktor wurde tusken de klup, sponsoaren en maatskippij. Dat hâldt yn dat er ien fan de oansprekpunten foar de sponsoaren wurdt en as gasthear op wedstriiddagen fungearret. En hy set him yn foar de maatskiplike stichting 'Cambuur Verbindt'.
Barto sil by Cambuur ek aktyf wêze as (spesjaliste-)trainer foar de jeugdoplieding. It giet foarearst om in parttime funksje. Barto spilet dêrneist ek noch by ONS Snits.

"Nieuwe uitdaging"

"Ik was op zoek na een nieuwe uitdaging, nadat het voetbal gestopt was", sa fertelt Martijn Barto. "Naast ONS wilde ik verder nog iets doen. Ik ben dus heel blij met deze oplossing, en het feit dat ik weer aan de slag mag bij Cambuur."
Martijn Barto fertelt oer syn nije funksje yn Weistra op wei