Sven Kramer heit wurden fan dochter

Sven Kramer en Naomi van As binne de grutske âlden wurden fan in dochter. Dat befêstige Kramer sels op twitter. It famke hat de namme Kae Robin Kramer krigen. Kae betsjut 'puur geluk'.
© Instagram Naomi van As

Famke

Sven Kramer en âld-hockeyster Naomi van As makken yn april bekend dat se harren earste berntsje ferwachtsje. In pear wiken lyn hiene se al befêstige dat se in famke krije soene.
Yn de ôfrûne wiken wie der ek al poppenijs foar sporters Jorrit Bergsma, Epke Zonderland en Douwe de Vries.