Wat binne de trends dit jier yn it krystpakket?

24 okt 2018 - 09:29

Wat binne de trends dit jier op it mêd fan krystpakketten? By Yokado op It Hearrenfean binne se der al it hiele jier mei dwaande.

In winkel yn Sliedrecht mei krystartikels - Foto: ANP

"In januari doen we de inkoop, we gaan naar twee, drie beurzen in Duitsland en Nederland. Dat zijn beurzen die alleen gericht zijn op kerstinkopen," fertelt Aline de Haan fan Yokado. "In maart en april komen de goederen binnen, die we hebben besteld. Dat gaat niet alleen om food, maar ook om non-food."

Trends: wenjen en duorsumheid

"Het traditionele pakket met eten voor de hele dag doet het nog altijd goed, met artikelen als thee, beschuit, pastei, wijn en chips. Maar dit jaar is duurzaamheid ook populair, met gerecyclede producten. Vooral gemeenten kiezen daarvoor. Bij kerst hoort licht, en dat zijn niet alleen maar kaarsjes, maar tegenwoordig zie je ook lampen voorbijkomen. Woonartikelen zijn echt een trend in het kerstpakket."

Foto: ANP

En wat wol Bauke yn syn pakket ha?

Marcha is it kreative brein by it bedriuw. Mei ferslachjouwer Bauke Deelstra rint se troch de hal om te sjen wat by him passe soe. "Deze gopro-camera lijkt me wel wat voor je. De kleine camera kun je vastmaken op je helm of skibril zodat je kunt filmen wat je doet tijdens het sporten."

Dat liket Bauke yndie wol wat, mar hy wol ek wat te iten ha. Der is in pizzahoeke, in hoeke mei Eastersk iten en fansels in Fryske hoeke. Yn de barbeque-hoeke fynt Bauke wat hamburgers. "En doe er dan ook satésaus, pinda's en marshmallows bij", seit Marscha.

Frysk pakket

Ferline jier hie it bedriuw sels in spesjaal Kulturele Haadstêd-pakket gearstald dat se as iennige ferkeapje mochten.

Budzjet

Se fernimme dat bedriuwen mear jild om hannen hawwe. "De gemiddelde prijs van een kerstpakket is 45 tot 50 euro." Guon bedriuwen pakke sels út mei in pakket fan 70 euro.

Trefwurden: 
krystpakket Yokado
(advertinsje)