Restaurant Liuwherne giet ticht: "Tefolle hoarekagelegenheden yn Ljouwert"

24 okt 2018 - 08:30

Nei 25 jier slút restaurant Liuwherne yn Ljouwert de doarren. It restaurant hat it swier mei alle restaurants dy't derby kaam binne yn de stêd.

Kulturele Haadstêd is in prachtich jier, mar mei de komst fan fyftjin nije hoarekagelegenheden yn it ôfrûne jier, is it foar de besteande hoarekagelegenheden net maklik wurden", fertelt eigener Wieke Arjaans fan Liuwherne.

Oanbod is te grut

"It wie in dreech beslút, we hâlde op it hichtepunt op. We meitsje ús soargen. Der binne gewoan tefolle restaurants. Tsien jier lyn koenen we elkoar allegear. Der is yn Fryslân gjin boergondyske kultuer, yn it wykein komme de minsken wol, mar troch de wike is it net fol. Dat hearre we ek fan kollega's, it oanbod is te grut. Ek yn de omlizzende doarpen komme wereldrestaurants, de merk is 'verzadigd.' Minsken kinne mar ien kear kieze en geane dan leaver nei in nij restaurant."

It restaurant makke twa jier ferlyn noch in trochstart, mar hat it nei eigen sizzen net maklik hân mei de ekstra regeljouwing, it smookbelied en de komst fan meardere hoarekagelegenheden. "Het maakt ons onrustig...", skriuwe de eigeners fan it restaurant op Facebook. "We moatte eins ynvestearje, mar dat doarre we net mear oan," ljochtet Arjaans ta.

Restaurant Liuwherne - Foto: Paul Friedrichs

Wieke Arjaans van Liuwherne

Ofskied

Arjaans sjocht werom op 25 prachtige jierren. "We hawwe in soad fêste gasten dy't it ek hiel skande fine", fertelt se. "Dêr ha we noch de tiid foar om ôfskied fan te nimmen."

Liuwherne giet noch foar de krystdagen definityf ticht. De lêste dei dat se iepen binne is op 23 desimber dit jier. Foar it earst yn jierren is se frij mei de krystdagen. "Dat is ek wolris lekker."

Arjaans wurke de lêste jierren mei har bern yn it restaurant. "We sykje no in nije baan. Wol yn de hoareka, want dat is in prachtich fak."

(advertinsje)