Kollum: Unsin-professor

Professor dr. Caspar van den Berg is heechlearaar 'Global en local governance' oan de Fryske kampus fan de Grinzer universiteit. Ik wit net wat soks ynhâldt, mar hy wit mear fan ús as dat we sels witte. Sokke heechleararen wurde al gau ta God útroppen. Van den Berg foar syn opmerking dat it logysk is dat Fryske jonges in bus mei antyswarte-pitefolk tsjinhâlde, om't de Friezen no ienris sels bepale wolle hoe't it hjir om en ta giet.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
Eelke Lok
Ik ming my net yn dat swartepite-geâldehoer en dy rjochtsaak. Ik fyn it wól moai dat der net safolle minsken wiene op de manifestaasje om sjen te litten dat der ek oare Friezen as blokkearders binne.
Moai, om't de grutte mearderheid altyd stil en tefreden thús sit, bliid dat der sokke striders as Ate de Jong besteane. Yn 'e stoel lêst dy mearderheid de wurden fan professor dr. Caspar van den Berg. Se lêze dus dat sy sels bepale wolle soenen wat der hjir bart.
Wat in ferskriklike ûnsin. Dat soe betsjutte dat de measte Friezen wolle dat wy ús fan Hollân en Grinslân ûntdogge, as Frij Fryslân trochgeane en sokken as Caspar van den Berg hjir net mear ha wolle. Dat wolle de measte Friezen net. Hy mei hjir bêst dekaan op dy kampus boartsje. As hy mar net seit dat wy alles sels bepale wolle. Want dat is net sa.
Ja, der binne Friezen dy wolle dat wy wat mear foech krije. Dy sitte yn de boarterstún fan de FNP. Wy Friezen litte lykwols hieltyd sjen dat wy hielendal neat mei foech kinne. Nim simpel mar it ûnderwiis yn it Frysk. Guon fine dat sa min, dat der no ien is dy't wol dat alle yngreven Friezen nei de skoallen geane, de masters en juffen oan de kant skowe en de bern dan de krekte wurdsjes leare.
Alden fine it bêst dat de bern wat Frysk krije, mar net dat at se thús komme en sizze dat "it sa linkendewei skoof en skande is, sa't boeren de hommaije fertutearzje litte", as der inkeld in te brede trekker tsjin in pealtsje riden is.
Wy kinne dat net. It Polderhoofdkanaal is in moaie farwei, mar der mei net mear fearn wurde. Want we libje yn it moaie natoerrike Fryslân, mar we ha te min natoerkompensaasje foar dat kanaaltsje regele.
Dan kinne je wol sizze dat dy rjochter him net mei ús gedoch mei dat kanaaltsje bemuoie moat, mar oer te min natoerkompensaasje soenen we noch jierren en jierren oer hottefylje. Lês dêroer it skitterjende ferhaal fan ôfskiednimmende tige wurdearre kollega Halbe Hettema fan sneon yn de Ljouwerter.
We kinne net iens diskusjearje. Want as twa wethâlders yn Ljouwert in finansjele kompensaasje regelje mei in skoalle, skriuwe se mar net iens op wat der ôfpraat is, want dan kinne je der sá lang oer hottefylje, dat Cambuur al lang en breed yn it Abe Lenstrastadion yn Hearrenfean fuotballet.
Altyd as dy FNP-ers it oer eigen foech ha, dan neame se it gas wat hjir en dêr fûn wurdt. Dat soe dan hielendal fan ús wêze. No dan is it Grinzer gas dus fan de Grinzers. Dan wik ik jim dat der dêr noch folle mear út de grûn helle wie. Want gas kinne je ferkeapje en Grinzers binne sljocht op jild. Dan hie hiel Grinslân no twa meter djipper nei ûnderen lein.
Mar se hiene alle peallen om de hiele provinsje omheech te krikken sels betelje moatten. Dat hiene se net kinnen. Set dat mar oer nei Fryslân en je witte dat dat soarte ûnsin hjir net ferkocht wurde moat.
Ja, ûnsin-professor. Lês ris in krante. Sjoch yn de wrâld dat net in lân mear syn eigen wil útfiere kin. No, Saûdy-Arabië miskien. Fryslân seker net. Sjoch professor, dy 200 Friezen yn de Prinsetún, en al dy minsken yn de stoel, sizze net sa folle. Ha wol in eigen miening, stimme, mar dogge dêrnei gewoan yn it gehiel mei. Harren frijheid yn hanneljen en dwaan, eigen wil, is nammentlik hiel wat oars.
Dat komt net fierder as: "Wat wolst foar iisko ha, wy nimme allegear in readen of in gielen". "Ik wol in grienen". Dat is Frysk.