Antonius sikehûs wol soarch garandearje nei problemen mei sikehûs Emmeloord

24 okt 2018 - 07:17

It Antoniussikehûs yn Snits sil mooglik mear pasjinten helpe út de Flevopolder. Dat hat alles te krijen mei de finansjele problemen fan de MC Groep mei sikehuzen yn Dronten, Lelystad en Emmeloord. It Antoniussikehûs hat sûnt 2007 ek in fêstiging yn Emmeloord.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Marcel Kuin, foarsitter Ried fan Bestjoer fan de Antonius Zorggroep

De MC Groep hat útstel fan betelling oanfrege. Soarchfersekerders hâlde op mei de finansiering fan de IJsselmeersikehuzen en it Slotervaartziekenhuis yn Amsterdam dat ek ûnder de MC Groep falt.

De Antonius Zorggroep wie yn petear mei de MC Groep oer gearwurking yn Emmeloord. Sadwaande wisten sy fan de finansjele en kwalitative problemen. De petearen wienen al 'on hold' set oant 1 desimber.

Alles op alles zetten

"Wij vinden het vervelend voor de MC Groep en al hun medewerkers dat het niet gelukt is om de zaken financieel op orde te krijgen," seit Marcel Kuin, foarsitter Ried fan Bestjoer fan de Antonius Zorggroep. "We zullen met de zorgverzekeraars bespreken hoe wij op deze ontwikkeling het beste kunnen inspelen, door bijvoorbeeld het zorgaanbod op onze locatie in Emmeloord uit te breiden."

"Het kan voor ons betekenen dat de patiëntenzorg wordt verdubbeld, we doen nu ongeveer de helft van de patiënten, zo'n 30.000. Mogelijk gaan we in de weekeinden open of komt er een avondspreekuur. We zullen extra middelen en personeel nodig hebben, maar de medewerkers gaan alles op alles zetten om de zorg te realiseren."

(advertinsje)