Bas Krom mei "De Verwisseling" wint de Strontrace wer

Skipper Bas Krom mei De Verwisseling hat dizze edysje fan de Strontrace wûn. Hy kaam yn de nacht fan tiisdei op woansdei om 3.37 oere werom yn Warkum.
Bysûnder houliksoansyk by de Strontrace: "We zijn één met het skûtsje"
It wie al dúdlik dat Bas Krom as earste oankomme soe. "Hy hat in goed team en it skip goed foar elkoar," seit Age Veldboom. Yn 2014, 2015, 2016 en 2017 kaam er ek al as earste oan.
As twadde is de Zes Gebroeders út Makkum oankommen. De rêdingsboat moast der earst lykwols oan te pas komme om't se foar Hylpen oan leger wâl leinen. Se ha it skip loslutsen.
Strontrace © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Hallusinaasjes

De skippen binne moandei fuortgien út Warkum. Sûnder motor stekke se de Iselmar oer en sile se wer werom nei Warkum.
It wie neffens Age Veldboom wol in pittige wedstriid dit jier, mei hurde wyn en rein. "Benammen de twadde nacht sûnder sliep is swier. Dan kinst wolris hallusinaasjes krije, dan sjochst wat ljochten en tinkst is dat Urk?"
Age Veldboom

Heel zwaar, maar tof

"Het was een pittig rondje, er was veel wind bij Haarlem. Het bomen bij Spaarndam was zwaar, maar we lagen daar wel als eerste in de sluis. De terugweg vannacht was heel zwaar, maar erg tof om te doen," fertelt Bram Romkema, bemanningslid fan De Verwisseling.
"Normaal zit je met twaalf man op een skûtsje, maar nu zitten we met vier man ons best te doen," follet bemanningslid Pim van Dijk oan. Fansels binne se hiel wurch, mar ast winst, krijst enerzjy. "We stonden op het dek te juichen bij de laatste sluis, maar kregen op onze kloten van de sluismeester, want er lagen op dat moment zo'n vijfhonderd man te slapen. De wereld kan vergaan, maar dit hebben wij maar mooi gedaan."
Foar skipper Bas Krom wie de finish hielendal bysûnder. Op de fok hie er de wurden set: Karin trouwen. En se hat ja sein.
Winners Strontrace 2018 © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Bram Romkema en Pim van Dijk, bemanningsleden fan De Verwisseling