Skjinmakster lûkt rinnende frou fan it spoar by Grou
In 44-jierrige frou út It Hearrenfean hat tiiisdeitemoarn by it stasjon fan Grou krekt op 'e tiid in frou fan it spoar helle. De Feanster frou wie oan it skjinmeitsjen, doe't se de frou op it spoar rinnen seach, wylst de trein deroan kaam.
Se koe de frou noch krekt fan it spoar lûke. Dy naaide dêrnei hurdrinnend út yn de rjochting fan Grou, folge troch in jonge fan in jier as 15.
De frou, fan likernôch 50 jier, en de jonge binne net fûn. De plysje seit in soad wurdearring te hawwen foar de frou út It Hearrenfean.

1/2 #Grou Station. Op 23 oktober om 09.20 uur ziet een 44 jarige schoonmaakster uit #Heerenveen een vrouw het spoor op lopen terwijl er een trein aan komt. Ze gaat naar de vrouw toe pakt haar vast en trekt haar van het spoor. De
23 Oktober 2018 - 21:22

2/2 vrouw die gered werd rent vervolgens richting het dorp Grou gevolgd door een jongen van ongeveer 15 jaar. Zowel de vrouw (rond de 45/50 jaar) als de jongen zijn niet meer aangetroffen. Wij hebben veel waardering voor de vrouw uit H’veen. #PolLWD
23 Oktober 2018 - 21:22