Otterloop Earnewâld giet net troch fanwege tekoart oan ferkearsregelers

23 okt 2018 - 22:53

Troch in tekoart oan ferkearsregelers kin de earste Otterloop fan Earnewâld takom wykein net trochgean. De organisaasje lit dit mei tsjinsin witte op de eigen webside. De organisaasje kin de feiligens fan de rinners en kuierders net garandearje.

It affysje foar de kuier. - Foto: Vrienden van de Otter&Fryske Fiskers

It doel fan de earste Otterloop is om troch persoanlike sponsoring jild op te heljen om it lêste grutte probleem fan de otter op te lossen: de ferdrinkingsdea yn fiskfûken.

De Otterloop soe plakfine op 28 oktober. De rin wurdt organiseare trocht de stichting Vrienden van de Otter yn gearwurking mei SportsDrachten, it Fryske Gea en Camping It Wiid. Dielnimmers koene in sponsorhurdrinwedstriid dwaan of in kuiertocht yn Nationaal Park de Alde Feanen.

(advertinsje)