Smellingerlân stiet iepen foar wenweinen by Drachtsterkompenije, mar lokaasje Vrijburgh falt ôf

23 okt 2018 - 22:21

De gemeente Smellingerlân wol ûndersykje oft der ek wer stânplakken foar wenweinen komme kinne op it âlde wenweinkamp by Drachtsterkompenije. Boargemaster en wethâlders stelle dat foar as reaksje op de aksje fan in stikmannich jonge wenweinbewenners, dy't sûnt 9 oktober in part fan it âlde wenweinkamp besette.

Der binne altyd twa aksjefierders oanwêzich op it âlde wenweinkamp - Foto: Omrop Fryslân

Gemeente wol huzen bouwe op lokaasje Vrijburgh

De gemeente hie earder trije lokaasjes op it each foar nije stânplakken. Dêr is Drachtsterkompenije no bykaam. Mar de lokaasje Vrijburgh is ôffallen. It is neffens de gemeente 'net helber' om fêst te hâlden oan it tagelikertiid ûntwikkeljen oan wentebou, nijbou fan in skoalle en nije stânplakken foar wenweinen 'vanuit het vereiste maatschappelijk draagvlak'.

"Mar it is oan de ried om dêr in beslút oer te nimmen", heakket boargemaster Tom van Mourik fan Smellingerlân dêroan ta. De twa oare lokaasjes dy't noch yn byld binne, de Wetterwille en it Fennapark, binne beide yn Drachten. De gemeente hie as ambysje om mei-inoar sawat tweintich nije steanplakken te realisearjen, "mar it kinne der ek minder wurde", seit de boargemaster.

"Dit valt ons rauw op het dak"

De wurdfierders fan de wenweinbewenners yn Smellingerlân reagearje tige kritysk op it brief fan de gemeente. "Die valt ons rauw op het dak", seit wurdfierder Antonio Corpier fan de aksjefierende wenweinbewenners. "Het is mooi dat er nu te praten valt over Drachtstercompagnie, maar daarnaast hebben we ook een goede lokatie in Drachten zelf nodig. Vrijburgh was de favoriet van onze gemeenschap."

"Dit is diskriminearjend"

Annie Mirosch is warber by de lanlike belange-organisaasje Travellers United. Se neamt it brief fan de gemeente Smellingerlân 'discriminerend'. "Er wordt weer zonder ons over ons besloten. De gemeente vindt huizen belangrijker dan staanplaatsen voor woonwagens. Waar slaat dat op? Als je dat leest voel je je weer minder, alleen omdat je een andere identiteit hebt." Corpier seit dat de mienskip him no beriedt op oanfoljende aksjes.

Annie Mirosch en Antonio Corpier oer it foarstel fan de gemeente

Boargemaster Van Mourik: It ryk moat gemeenten finansjeel helpe by it realisearjen fan stânplakken

De gemeente Smellingerlân stiet ek ûnder druk fan it ryk om wurk te meitsjen fan mear stânplakken foar wenweinen. Boargemaster Van Mourik hat der muoite mei dat minister Ollongren de wenweinbewenners ferline wike yn de Twadde Keamer tasizzingen dien hat, mar net mei jild komt om de gemeenten dêrby te helpen. "De minsken realisearje har dat net altyd, mar it meitsjen fan stânplakken foar wenweinbewenners is djoer."

Op syn lêst yn novimber sille boargemaster en wethâlders de ried in konkreet foarstel stjoere foar it útwreidzjen fan it tal stânplakken foar wenweinen.

Boargemaster Tom van Mourik fan Smellingerlân

(advertinsje)