Tûzen euro stipe foar Fryske bands dy't nei it bûtenlân wolle

23 okt 2018 - 21:51

Stichting Friesland Pop hat mei help fan de Provinsje Fryslân regele dat der jild is om bûtenlânske optredens fan Fryske popacts mooglik te meitsjen. Sawol dit jier as takom jier kinne popbands en artysten út de provinsje oanspraak meitsje op in bedrach fan tûzen euro foar in bûtenlânske tournee.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Neffens stichting Friesland Pop binne yn Fryslân in soad talintfolle popacts, wêrfan't in grut diel fanwege it muzikale karakter yn it bûtenlân in ynteressanter ôfsetmerk hat. De Nederlânske merk is net allinnich lyts, mar rjochtet him ek foar in grut diel op 3FM-rock en Nederhop, skriuwt Friesland Pop.

Friesland Pop komt mei help fan de provinsje mei toursupport foar begjinnende Fryske acts, dy't as begjinnende ûndernimmers oan in bûtenlânske karriêre wurkje wolle. It giet derby om in opstartbedrach fan 1000 euro act yn it jier foar in band of artyst.

Friesland Pop - Foto: Denise Janssens

Yn 2018 en 2019 kinne tsientallen ûndernimmende Fryske popacts help krije by it opstarten fan harren bûtenlânske karriêre. Bygelyks kin der de hier fan in bus en fleantickets fan betelle wurde. It grutste belang fan Friesland Pop Toursupport is om de mooglikheid te bieden oan Fryske popartysten om yn it bûtenlân te wurkjen oan in takomstperspektief dat hieltyd mear yn Europa en de rest fan de wrâld leit.

(advertinsje)