Jong Hearrenfean rêdt it net op tsjin Jong FC Twente

23 okt 2018 - 21:22

Jong Hearrenfean hat tiisdeitejûn de útwedstriid tsjin Jong FC Twente ferlern. De Friezen moasten mei in achterstân fan 1-3 nei hûs ta.

Foto: SC Hearrenfean

It begûn goed foar de Feansters. Se giene mei in foarsprong fan 1-0 de rêst yn troch in goal fan Pelle van Amersfoort. Nei de rêst wie FC Twente de bettere partij. Trotman makke it earste doelpunt foar de Twentebeloften, folge troch goals fan Zerrouki en Van de Schepop.

SC Hearrenfean stiet no op it tredde plak yn de reservekompetysje fan de beloften. FC Twente stiet dêr krekt boppe. Heracles giet oan de lieding.

(Advertinsje)
(Advertinsje)