"Der moat in minderfalide-hotel yn Ljouwert komme", seit hoteleigener Cecilia Klemkerk

23 okt 2018 - 19:55

Yn it sintrum fan Ljouwert binne mar trije hotels mei in keamer foar minderfaliden te krijen. Cecilia Klemkerk fan it Amicitiahotel yn Snits wol dêrom in minderfalide-hotel oan de Oostergrachtswal yn Ljouwert begjinne.

It pân oan de Oostergrachtswal - Foto: Google StreetView

Cecilia Klemkerk

Mar trije hotelkeamers foar minderfaliden yn sintrum Ljouwert

"Ik krige in telefoantsje fan in basketbalteam mei minderfaliden. Doe't ik se net kwyt koe en derachter kaam dat der mar trije keamers binne yn it sintrum tocht ik: der moat in minderfalidenhotel yn Ljouwert komme", fertelt Klemkerk.

It doel is tsien keamers

Klemkerk wol acht oant tsien keamers ynrjochtsje foar minderfaliden mei dêrby keamers foar net-minderfaliden. "It gebou hat al in lift, grutte keamers en brede doarren." Der is neffens har wol ferlet fan sa'n hotel. "Yn it Fries Museum is ek in minderfaliden-toilet, dy wurdt ek wol mear as ien kear deis brûkt." De keamers moatte oanpast wurde.

"Der moat wol in oare bestimming op it gebou komme", fertelt Klemkerk. In planolooch skriuwt in plan foar it nije bestimmingsplan fan it gebou. Dat plan leit no by de gemeente wêr't it beslút naam wurdt oft it hotel der komme kin.

Freoneklups

Klemkerk wit net wat de gemeente beslute sil. "Ik hâld de moed deryn. It is absurd dat der mar trije keamers binne", seit se. Se hopet dat der sa mear freoneklups en groepen minsken dy't bygelyks min rinne kinne, nei de stêd komme kinne.

(advertinsje)