Kafee De Witte Kat yn Snits komt yn ferset tsjin ynlûken fergunning

23 okt 2018 - 18:40

De gemeente Súdwest-Fryslân hat de eksploitaasjefergunning fan kafee De Witte Kat ynlutsen. Der soe yn drugs hannele wêze. De eigener fan it kafee is it der net mei iens en stapt nei de rjochter.

Foto: Google Street View

In wike foar de Snitswike liet de gemeente it kafee ek al slute fanwege drugshannel troch twa personielslieden. It kafee soe op 27 oktober wer iepen gean, mar sûnder fergunning kin dat net. De útbaters fan it kafee binne tiisdei nei de rjochter stapt. Se wolle dat de kroech ein oktober wer draaie kin.

Barmannen oppakt

Utbater Michel Mok waard yn desimber ferline jier oansprutsen troch de plysje. Der gie praat dat der drugs ferhannele waarden yn syn kafee. Mok seach dat net as in offisjele warskôging, mar prate in dei letter wol mei it personiel. Nei de warskôging feroare der neffens de gemeente neat. Maatregels waarden net naam, seit de gemeente. De plysje pakte yn juny twa barmannen op en de kroech gie ticht.

Pakketsjes mei poeier

Ut it plysjeûndersyk docht bliken dat in barman pakketsjes mei poeier oan klanten oerlange. In twadde barman hie drugs yn syn beurs. Mok ûntkent dat en seit dat hy neat mei drugs yn syn kroech te meitsjen hat. "Ik was er juist scherp op. Ik vond wel eens wikkels op het toilet en een week voor de aanhouding verwijderde ik nog een bezoeker vanwege drugsgebruik. Ik heb altijd accuraat gehandeld," seit Mok.

Sluting is in ramp, seit de útbater

De gemeent Súdwest-Fryslân lûkt de fergunning yn om't oannimlik makke is dat yn De Witte Kat drugs ferhannele waard. "Een desastreuze beslissing", seit advokaat Laurens Kleine dy't Mok bystiet. "De sluiting was al een straf, het intrekken van de vergunning doet dit horecabedrijf ook nog eens de das om", seit Kleine. De rjochter docht woansdei útspraak.

(advertinsje)