Sinezen sjogge hoe't Friezen rekreaasje, toerisme, sport, kultuer en ûnderwiis regelje

23 okt 2018 - 18:16

Deputearre Klaas Kielstra hat tiisdei in delegaasje Sinezen op besite yn it Waadsintrum op de Ofslútdyk en yn it Princessehof yn Ljouwert. Kielstra hat earder op besite west yn Harbin, de haadstêd fan de provinsje Heilongjiang. Dêr waard doe praat oer ekonomyske gearwurking yn rekreaasje en toerisme, sport, kultuer en ûnderwiis.

besite út Sina - Foto: Provinsje Fryslân

Kielstra nûge op syn reis nei Sina vice-gûverneur Sun Dongsheng út foar in tsjinbesite oan Fryslân.

"We zien een intensivering van onze relatie. Vanuit Harbin komt men hier met hele duidelijke vragen. Chinese sporters uit Harbin die hier trainen is mooi resultaat wat mede door onze inzet tot stand is gekomen", seit deputearre Klaas Kielstra.

De Sineeske delegaasje giet woansdei nei it Thialfstadion op It Hearrenfean en it Woudagemaal by De Lemmer. Op It Hearrenfean treft de delegaasje it reedrydteam út Harbin dat hjir op it stuit oan it trainen is. Fierder wurde se troch NHL Stenden ynformearre oer studinte-útwikselingen.

(advertinsje)