Ein oan spesjale lessen fan soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum?

23 okt 2018 - 18:01

Soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum yn Tsjom krijt gjin jild mear foar de op maat makke lessen oan autistyske jongeren fan trije gemeenten. Dy wurde ferplichte om werom yn de klasse te gean. Oare gemeenten gean dêr oars mei om.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

"Einsteinklasse net geskikt foar groep bern fan Lyts Tolsum"

Kristlike skoalmienskip Anna Maria van Schurmanschool is op 10 oktober úteinset mei de Einstein Class. Dat is in klasse wêryn't bern mei autisme meidogge yn de reguliere lessen vmbo en havo. It lesprogramma wurdt op maat makke.

Mar dat komt net goed foar in groep fan sân jongeren dy't op soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum sitte, sa tinke ûnder oaren de âlden fan de bern. Guon bern hawwe al in hiele skiednis fan útfal op skoallen, fan frijstelling en thússitten.

By Lyts Tolsum krigen se begelieding om safolle mooglik ûnderwiis folgje te kinnen. De gemeenten Waadhoeke, Súdwest-Fryslân en Ljouwert jouwe no gjin jild mear foar de spesjale lessen by Lyts Tolsum.

Gemeenten wolle persoanlike begeleiding Lyts Tolsum net mear betelje

Alden, learplichtamtners en ek de Underwiisynspeksje binne posityf oer de resultaten fan Lyts Tolsum. Sa hawwe de ôfrûne jierren seis bern in diploma helle, troch se in soad oandacht, struktuer en ien-op-ien lesbegelieding te jaan.

Mar de trije gemeenten wolle it oars. Dat woenen se ferline jier al. Foar de groep fan sân bern waard ien jier lang it jild noch wol trochbetelle, de saneamde beskikking. De sitewaasje waard salang 'tastien', sadat se yn elts gefal eksamens dwaan koenen.

Lyts Tolsum spilet gjin rol yn by de Einsteinklasse, wêrom wurdt net dúdlik. Gemeenten sizze dat de wize wêrop't Lyts Tolsum de bern begeliede by ûnderwiis net tastien is, omdat de Underwiisynspeksje dit ferbean hawwe soe.

Reaksjes fan ferskate gemeenten

"Wij zijn niet op de hoogte zijn van een mogelijke wijziging van het standpunt van de Inspectie over het volgen van onderwijs op Lyts Tolsum. Ons is door de Inspectie gemeld dat de bedachte constructie met de school in Franeker (AMS) niet is toegestaan," seit in wurdfierder fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

"Er is volstrekte duidelijkheid over wat het aanbod van Lyts Tolsum m.b.t. onderwijs en zorg wel en niet kan zijn. Onderwijs bijvoorbeeld staat de inspectie niet (meer) toe," seit Boukje Tol, wethâlder yn de gemeente Waadhoeke.

"De onderwijsinspectie heeft over de school van de zorgboerderij in 2017 gezegd dat de Anna Maria van Schurmanschool hun leerlingen geen onderwijs meer mocht laten volgen op de school van de zorgboerderij," seit Hilde Tjeerdema, wethâlder yn Ljouwert.

Jurre is al fêstrûn

Foar Jurre (16) is it al te let. Troch alle ûnwissichheid krige er stress en is er yn syn eksamenjier hielendal ophâlden mei learen. Syn mem, Laura van Twillert, sit mei de hannen yn it hier en se is ek lilk.

"Jurre raakte ook zijn laatste veilige plekje bij Lyts Tolsum kwijt. In de afgelopen maanden is mijn zoon drie keer verhuisd van instelling naar instelling. Wij gaan er als gezin helemaal aan onder door. De gemeenten dwingen Lyts Tolsum door hun tunnelvisie te stoppen met zorg/leerarrangement."

Se fynt it skandalich hoe't mei dizze groep bern omsprongen wurdt. "En de gemeenten zeggen dat het niet is toegestaan van de Inspectie van Onderwijs, terwijl er wel degelijk mogelijkheden voor zijn."

"Of se betinke wer wat oars,' mient de eigener fan Lyts Tolsum, Ernst Rusticus, "Bygelyks dat se jild foar soarch net oan ûnderwiis útjaan meie. Mar by ús is dat strikt skieden. It gebeurt oeral hieltyd faker mei sukses. As je der mar ôfspraken oer meitsje kinne, mar der wurdt net mear mei my praat, seit Rusticus frustrearre. Troch de Anna Maria van Schurmanskoalle net en de gemeenten net. Sa kinne jo jo net oan regels hâlde."

Gearwurking mei skoalle ophâlden

Lyts Tolsum hie in gearwurking mei de skoalle. Dy fersoarge it ûnderwiis en krige dêr de sinten foar. Lyts Tolsum krige jild foar de deibesteging en foar de soarch dy't de jongeren fierder noch nedich hawwe. Dy ekstra ûnderwiisbegelieding ('les' mei it net hjitte) moat út de jeugdwet finansierd wurde en is dus in gemeentlike ferantwurdlikheid.

De trije gemeenten, dêr't de bern wei komme, Ljouwert, Waadhoeke en Súdwest-Fryslan, wolle no dat se nei spesjaal foar autistyske jongeren opsette Einsteinklassen gean. "Mar dêr hawwe se begelieding by nedich, dy't wy harren biede", seit Rusticus, "En boppedat moatte se op 'e nij it tsjil útfine as se net mei ús prate."

Raymond (16) heart by de trije bern, dêr't Rusticus op it stuit it meast oer yn sit. De jonge sjocht der tsjinop aanst wer yn in frjemde (Einstein)klasse te sitten, sûnder de begelieding fan Lyts Tolsum.

"Ik heb er moeite mee, ja, Ik voel me hier veilig en ik ben hier ook erg veranderd." Rusticus: "Werom yn regulier ûnderwiis en ek passend ûnderwiis kinne se net. Dêr binne se earder al fêstrûn."

Tal thússitters nimt ta

Oeral yn it lân ûntstean inisjativen om soarch en ûnderwiis te kombinearjen, omdat it lesjaan sûnder ekstra soarch net slagget. Dat docht wol bliken oan de tanimmende gefallen fan thússitters, meiïnoar hast sa'n 6000 yn Nederlan.

"Het is toch schrijnend dat de pionier van deze constructie met 11 jaar ervaring gewoon aan de kant wordt gezet', seit Van Twillert oer Lyts Tolsum. "En Jurre zit hierdoor nu in een instelling."

Alinnich deibesteging biede as soarchbuorkerij, dat wie nea de opset fan Lyts Tolsum. "Dan hâlde wy dermei op", seit Rusticus, dy't nei oardel jier striid bot frustrearre rekke is. "Hielendal om't de gemeenten hieltyd beweare dat de Underwiisynspeksje de kombinaasje soarch/ûnderwiis sa net lije wol."

Dongeradiel giet wol mei Lyts Tolsum yn see

Opmerklik is it dat yntusken dochs wer in selde arranzjemint fan soarch- en ûnderwiis opset wurdt troch de gemeente Dongeradiel en de skoalle Caleidoscoop. Dêrby kinne learlingen folslein by Lyts Tolsum begelaat wurde en de spesjale lessen folgje.

Gemeenten ferskûlje harren achter Underwiisynspeksje

De gemeenten hâlde fêst oan it stânpunt dat de Underwiisynspeksje de spesjale konstruksje fan Lyts Tolsum ferbean hat. Neffens in wurdfierder fan de ûnderwiisynspeksje gean sy dêr hielendal net oer en fine se it krekt in sympatyk inisjatyf fan Lyts Tolsum.

"Dat een gemeente zich voor de onderbouwing van een dergelijk besluit beroept op de Inspectie is curieus, want de Inspectie heeft geen taken of bevoegdheden in het kader van de jeugdwet. In de ogen van de Inspectie gaat het in dit geval om een sympathiek initiatief en onze indruk is dat de heer Rusticus graag aan de regels wil voldoen. Het is wel ingewikkeld qua bekostiging en de zorgboerderij moet betaald worden uit de jeugdwetgelden van de gemeente," seit in wurdfierder fan de ûnderwiisynspeksje.

(advertinsje)