Feanwâldsters hawwe it meast duorsume hûs fan Fryslân

It meast duorsume hûs fan Fryslân stiet yn Feanwâlden. De bewenners hiene meidien oan de ferkiezing fan it meast duorsume hûs fan ús provinsje en gean no fierder nei de finale, dêr't bepaald wurdt hokker hûs it meast duorsume fan Nederlân is.
© Nationale Duurzame Huizen Route
Fjirtjin húseigeners diene mei oan de striid. It hûs fan Marc en Geke van der Wal hawwe se sels ûntwurpen, en waard boud yn 2017. De wenning is ierdgasfrij en leveret enerzjy. De bewenners krije ynkoarten besite fan deputearre Schrier en krije in priis. De publyksferkiezing giet no troch.
Op 23 novimber wurdt bekend hokker hûs it meast duorsume fan Nederlân is.