Grêven Bantegea fersakje, gemeente nimt maatregels

23 okt 2018 - 16:22

De grêven op it algemien begraafplak fan Bantegea fersakje. Dat leit him oan de feangrûn. De fersakking is al faker foarkaam yn it ferline.

Fersakke grêf yn Bantegea - Foto: Ronnie Porte

Trochdat de grûn op de grêven troch de neibesteanden sels ophege is mei swiere poldergrûn, ûntstienen op 'e nij fersakkings. Guon grêfstiennen binne omfallen en oaren stean skeef.

De drûchte fan de lêste tiid hat de fersakkings slimmer makke. De behearder hat der klachten oer krige. De grûn wurdt no mei sân of mei lichte grûn ophege troch de gemeente De Fryske Marren, sadat de stiennen stean bliuwe en de grûn om en op de grêven net wer fersakket.

(advertinsje)