Aldegea Smellingerlân krijt yn 2022 in brânwachtkazerne

23 okt 2018 - 16:00

As alles goed giet, stiet der yn 2022 in brânwachtkazerne yn Aldegea Smellingerlân. Dat hat de feilichheidsregio Fryslân tiisdei dúdlik makke op in parsegearkomste op it gemeentehûs fan Smellingerlân.

It bestjoer fan Brânwacht Fryslân, ûnder mear de Fryske boargemasters, moat yn novimber noch stimme oer it plan. By de kazerne moat op syn minst ien tankautospuit klear stean en beminske wurde troch minimaal sechstjin persoanen. Mar der binne folle mear frijwilligers nedich.

42 oanmeldingen

Feilichheidsregio Fryslân hie as eask dat der yn it doarp op syn minst fjirtich minsken harren opjaan soene as 'kandidaat-frijwilliger'. Mei-inoar hawwe harren ûnderwilens 42 persoanen opjûn. Dy moatte in lang trajekt yn om úteinlik op de post as brânwachtman of brânwachtfrou oan de slach te gean.

Sa moatte se bygelyks in spesjale keuring ûndergean en in VOG krije. As dat posityf is, krije de potinsjele brânwachten yn de maitiid fan 2019 in oplieding ta frijwilliger en moatte se dêr yn 2021 klear mei wêze. De skeppe foar de nije brânwachtkazerne moat dan ein 2019 de grûn yn kinne.

Ien fan de 42 minsken dy't harren opjûn hawwe, is Emily Vijfschaft

Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân binne 1.800 wenningen dêr't de brânwacht net binnen achttjin minuten wêze kin. In tredde dêrfan (664) leit yn Aldegea, Smellingerlân. De oare plakken dêr't in soad huzen lestich te berikken binne, binne Earnewâld (124 wenningen) en Twellingea (113 wenningen).

Bûtenút

"De foarnaamste reden dêrfoar is dat in soad minsken bûtenút wenje. En foar Aldegea hawwe it wetter en de kanalen in grutte ynfloed. Dan duorret it gewoan langer foardat wy der binne", seit Jan Wobma, fan de frijwillige brânwacht fan Burgum. Tegearre mei de brânwacht fan Drachten binne sy ferantwurdlik foar Aldegea.

Harkje nei de bydrage mei Wim Kleinhuis fan de Feiligensregio Fryslân

Trefwurden: 
brânwacht Aldegea kazerne
(advertinsje)