Fabrikant hat stikkene museumlift út inoar, mar riedt nei oarsaak

23 okt 2018 - 14:29

Net allinnich by Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert sels, ek by de fabrikant steane se foar in riedsel oer wat der krekt mis is mei de nije lift. De hys is yntusken hielendal út inoar helle en de software ferfongen, mar de oarsaak fan de steuring is noch hieltyd net fûn.

Natuurmuseum Fryslân - Foto: ANP

De fabrikant hat om dy reden yn it eigen fabryk in testomjouwing mei de lift neiboud. Troch dêr tests te dwaan, besykje se te efterheljen wat der mei de lift oan de hân is. De lift wie spesjaal foar de nije topattraksje OnderWaterSafari oanlein. Al gau die bliken dat de lift skokt en dat joech in eangstich gefoel by de brûkers.

Grutte teloarstelling

De direksje hat de lift fuortendaliks ticht dien, mei as gefolch dat de nije attraksje, dêr't hast twa jier oan boud is, net te berikken is. De teloarstelling by it museum is grut. Se kinne neffens direkteur Tom van Slooten wol fernimme dat it dizze hjerstfakânsje minder drok is as oare jierren. Dochs komme der neffens him wol in soad bern op de attraksje Potatoes Go Wild ôf.

Direkteur Tom van Slooten, Natuurmuseum Fryslân

Trefwurden: 
Natuurmuseum Fryslân lift
(advertinsje)