Plysje hâldt ynwenner De Lemmer oan nei deadlik ûngelok op A6

23 okt 2018 - 13:54

In 54-jierrige ynwenner fan De Lemmer is nei oanlieding fan it ûngelok op de A6 by Rutten tiisdei oanhâlden, omdat er nei alle gedachten tefolle dronken hie. Nei syn oanhâlding is de man oerbrocht nei it sikehûs.

Ungelok - Foto: CAMJO media

De man dy't by it ûngelok moandeitejûn om it libben kaam, wie in ynwenner fan gemeente It Hearrenfean. Dat hat de plysje fan Flevolân bekendmakke. Ut hokker plak de 56-jierrige man krekt komt, wol de plysje net sizze.

Nei de melding oer it ûngelok trof de plysje in brânende auto yn de berm oan. Yn dy auto siet de ynwenner fan De Lemmer. Ek stie der in auto yn de middenberm. Dêr siet it oare slachtoffer yn, dizze man ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Plysje ropt tsjûgen op

De plysje wit noch net hoe't it ûngelok barre koe. Dêrom wurdt tsjûgen frege harren te melden. Dat jildt ek foar minsken dy't de belutsen auto's foar it ûngelok riden sjoen hawwe. It giet dan om in swarte Opel Astra Hatchback en in grize Volvo V70.

Trefwurden: 
ûngelok De Lemmer A6 Rutten
(advertinsje)