Foarsitter fan Stichting De Freulepartij stapt nei twa jier op

23 okt 2018 - 12:03

De foarsitter fan Stichting De Freulepartij út Wommels, Johan van Tuinen, is per direkt opstapt. De stichting bestie amper twa jier, mar Van Tuinen sjocht it net mear sitten om troch te gean.

Neffens Van Tuinen hat syn opstappen te krijen mei "onverenigbare karakters". Nei de Freulepartij fan 2018 kaam der fanút it bestjoer fan de stichting krityk op de foarsitter. Van Tuinen wol net sizze wat dy krityk krekt wie, mar it liket der op dat ek it karakter van Van Tuinen, dy't nochal 'oanwêzich' wêze kin, mei dy krityk te krijen hat, sa seit er sels.

In ûnôfhinklik mediator hat noch besocht om de problemen yn it bestjoer op te lossen, mar dat is net slagge. Nei it twadde petear hat Van Tuinen it beslút naam om op te stappen. Van Tuinen neamt dit "de Keninklike wei".

Eksterne kandidaat

It bestjoer fan de stichting sil no op syk nei in opfolger. Dat sil in eksterne kandidaat wurde, want fan de hjoeddeistige bestjoersleden liket net ien de ambysje te hawwen de foarsittershammer oer te nimmen.

(advertinsje)