Provinsje stipet ferbouwing stedhûs Boalsert mei miljoenen euro's

23 okt 2018 - 11:07

De provinsje stipet de ferbouwing fan it monumintale stedhûs yn Boalsert mei trije miljoen euro. Yn it gebou komme it Histoarysk Sintrum Westergo, de biblioteek, musea en de argiven fan de gemeente Súdwest-Fryslân en de eardere gemeenten. Sûnt de gemeentlike weryndieling yn 2011 is socht nei in nije bestimming fan it ryksmonumint.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens deputearre Sander de Rouwe is it gebou in "ikoan foar de stêd, regio en provinsje". Mei de ferbouwing moat it stedhûs opnij in plak wurde dêr't Boalserters en besikers graach komme. Wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân is bliid mei de grutte finansjele bydrage fan de provinsje.

Miljoenen euro's

De totale kosten binne 8,5 miljoen euro. Njonken de oerheden drage fjouwer Boalserter stichtingen 1,25 miljoen euro by. Dat binne it Sint Anthony Gasthuis, de Hendrick Nannes en Catrijn Epesstichting, it Weeshuis en it fûns Boalsert-Dronryp. De Rabobank betellet 100.000 euro by. It wurk begjint ynkoarten en moat oan de ein fan 2019 klear wêze.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs sudsydzje
(advertinsje)