Fryslân rint noch achter mei aksje 'BuurtAED'

23 okt 2018 - 10:37

Yn Fryslân is der net folle animo foar de aksje 'BuurtAED'. It stribjen fan de aksje is om genôch AED's op te hingjen dy't dei en nacht berikber binne. Lanlik sjoen dogge der 896 buerten mei oan 'BuurtAED', mar yn Fryslân binne dat der mar fjirtjin.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Der binne yn Fryslân wol mear as fjirtjin AED's te finen, mar der is faak mear foar nedich om in folslein dekkend netwurk te krijen.

Tsjummearum

Tsjummearum is ien fan de plakken dy't wol meidocht oan de aksje 'BuurtAED'. Sûnt 2010 is it reanimaasjenetwurk Tsjummearum/Furdgum yn it libben roppen. Mei fjouwer AED's en sa'n 45 boargerhelpferlieners is der al in protte omtinken foar. Dochs is der noch ien AED nedich om it netwurk dekkend te krijen. In nij eksimplaar kostet 2.475 euro en mei help fan de aksje 'BuurtAED' is dat jild no binnen helle.

Stipe fan jeugdklup

De jeugdklup fan de PKN-gemeente Tsjummearum/Furdgum hat 500 euro donearre. It jild is ophelle mei de âld izer-aksje yn april. Dat bedrach hawwe de jongeren oan de nije AED foar it doarp skonken.

(advertinsje)