Skiermûntseach nei Grinslân? "Toen ik dat las, moest ik lachen"

Dêr wie er wer. De diskusje oft Skiermûntseach net better by Grinslân hearre kin. Dit kear waard er oanslingere troch GemeenteBelangen Het Hogeland. Dizze partij wol dat der gjin provinsjale grinskorreksjes mear dien wurde, sadat it eilân op termyn hielendal yn Grinslanner wetter komt te lizzen en dus by Grinslân hearre moat.
Skiermûntseach © ANP
Op Skiermûntseach wize se it foarstel fan de partij, neamd nei fúzjegemeente Het Hogeland dy't fan 1 jannewaris ôf bestiet, unanym ôf. "Toen ik dat las, moest ik erom lachen", seit Klaas Kruiger fan Samen voor Schiermonnikoog by RTV Noord. "Schiermonnikoog is Fries. Zo was het en zo moet het blijven", is de reaksje fan Harry Ab fan Ons Belang.
Ek Ilja Zonneveld fan Schiermonnikoogs Belang sjocht gjin foardielen. Hy wiist nei de hannelsrûtes dy't boppe it eilân lizze. "De gemeente hoort nu bij één veiligheidsregio. Vanwege calamiteiten als een olieramp is het praktischer om het eiland onverdeeld te laten."

Diskusje libbet amper

Neffens de trije partijen libbet de diskusje ek amper ûnder de eilânbewenners. "Het oosten van het eiland bestaat vooral uit natuur. Als het om een dorp ging, was het misschien anders", tinkt Ab. "Van de bewoners is ongeveer zestig procent Fries en veertig procent Gronings. Dan was er misschien wel een discussie geweest."
De fraach oft Skiermûntseach net better by Grinslân hearre kin, komt faker foarby. Oarsaak is dat it eilân troch oangroei fan sân nei it easten opskoot. Dêrtroch komt it mear op Grinslanner grûngebiet te lizzen. Troch sa no en dan in provinsjale grinskorreksje ta te passen, wurdt it eilân yn Fryslân holden.