Kollum: "Eigen bisten earst"

23 okt 2018 - 07:29

"Neist alle oare berjochten dêr'tst op slach ynkontinint fan wurde soest, wie der ien by dat it meast yn 't each sprong. Dat wie it berjocht mei de apokalyptyske kop: 'Grut drama driget foar Fryske natuer'. It gie, sa't bliken die, oer de opkomst fan de bytskyldpod yn ús provinsje. Dy skyldpod is hiel agressyf en syn bytkrêft is grutter as in út 'e kluten sketten krokodil.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Ik moat sizze dat ik noait wat mei skyldpodden hân ha. Miskien komt dat wol troch Stoffel fan de Fabeltjeskrant. Dy prate sa stadich, fielde him altyd 'appelig' en hie ivich lêst fan de meast útinoar rinnende lichaamlike klachten. Dat hat wierskynlik it byld foarme dat skyldpodden ferfeelsume bisten binne.

Dat byld moat ik lykwols bystelle. Skyldpodden binne badass motherfuckers. Soms sels letterlik. Dêr kin in Britske toerist fan meiprate. Dy wie nammentlik nei in pear wylde nachten op Tenerife yn sliep fallen op it strân. Doe't se wekker waard, hie se pine yn de yntime sône. Net ûngewoan op Tenerife. Dochs wie se nei it sikehûs rekke, dêr't de dokters har nei harren eigen grutte ferbjustering in skyldpod út 'e fagina hellen. Sjoch, dat in skyldpod ek in ninja wêze koe, wist ik sûnt de tekenfilmkes dêroer, mar dat guon ek ambysjes lykas dy fan Ron Jeremy hiene, wie nij foar my.

En no komt dêr de bytskyldpod by. In bist dat alles oanfalt en him oeral trochhinne fret. De wolf is yn ferlyk mei de bytskyldpod in suertsje, in lamke dat troch de greide huppelet. Dat sei ek boer Berend fan Wergea, dy't op in moarn betiid syn John Deere yn twa helten op it lân fûn. 'En dat net allinne', sei er, 'fan de mestynjekteur wie noch mar ien slang oerbleaun.'

Neffens de skyldpodde-opfang op De Harkema is it bist al yn de Grutte Wielen en yn de omkriten fan Wolvegea sinjalearre. By de opfang tinke se dat it tal bytskyldpodden de kommende jierren tanimme sil. 'In Belgyske gruthannel ymportearret de bisten foar minsken dy't se as húsdier hâlde wolle. De bisten binne dêr net geskikt foar.

De eigeners komme dêr nei ferrin fan tiid ek achter, want alle wiken in nij bankstel keapje moatte, is ek net de bedoeling. Boppedat hat Sjoerd Boskje fan de Achterwei al ien ûnder it dekbêd by de frou wei fandelje moatten, dat se binne net te hanthavenjen. Minsken litte se dus frij, en sa komt it dat de bytskyldpod hieltyd faker yn ús provinsje omswimt.'

By Wetterskip Fryslân binne se op 'e hichte mei it probleem. Dêr fine se dat It Fryske Gea maatregels nimme moat troch fallen te setten. Harry Heidstra fan It Fryske Gea seit dat dat lykwols net de oplossing is: 'Dêr frette se harren dwers trochhinne.'

It echte probleem is de minsk dy't beslist eksoatyske bisten ha wol, bisten dy't frjemd binne yn ús biotoop. De iennichste oplossing is dus: doch dat net, hâldt it by lânseigen bisten. Wat is der bygelyks mis mei in 'wandelende tak'? Dêr kin hja ek noch in moai blok mei te kuierjen. Of binne rinnende tûken ek net lânseigen?"

(advertinsje)