Sûnenssintrum yn Frjentsjer test bern fergees op rêchfergroeiïng

23 okt 2018 - 07:07

Sûnenssintrum Het Want yn Frjenstjer set tiisdei útein mei it screenen fan bern op scoliose. Scoliose is in ferkromming oan de rêchbonke en wurdt sûnt in oantal jier net mear test by basisskoalbern út groep 7. It sûnenssintrum fynt it wichtich dat de bern wol test wurde, omdat de oandwaning op hieltyd lettere leeftiid ûntdutsen wurdt.

rêchbonke - Foto: ANP

Scoliose kin liede ta operaasjes en sûnensskea foar meastal noch jonge pasjinten. Mooglike gefolgen fan scoliose binne bygelyks pineklachten, problemen mei it sykheljen of wurgens. Het Want fiert de testen fergees út foar bern fan groep 7 ôf.

Siebren Wielinga fan Het Want wit net wêrom't it screenen op scoliose op skoallen ophâlden is. "Op dit moment lees je veel over scoliose in de media", seit Wielinga. "Wat ik lees is dat bepaalde testen onvoldoende informatie geven en dat het per kind verschilt wanneer je goed scoliose kunt vaststellen. Ook heb ik gelezen dat artsen steeds minder tijd hebben om onderzoek te doen en dat er mogelijk sprake is van een financiële reden om geen onderzoek meer te doen."

"Hoe het ook zij, wij vinden dat scoliose tijdig ontdekt zou moeten worden en willen daar onze bijdrage aan leveren. Dit doen we niet alleen. We gaan daar de huisarts bij betrekken, omdat de huisarts de definitieve vaststelling doet en een mogelijke vervolg behandeling in werking kan zetten."

Wannear't der it fermoeden hat fan scoliose wurdt der in ferwizing nei de húsdokter meijûn. "Het blijft altijd de keuze van de patiënt wat hij of zij daar mee doet", beslút Wielinga.

Spesifike mjittingen

It sûnenssintrum fynt it wichtich dat bern ûndersocht wurde, omdat de oandwaning foar fergroeiïng soargje kin. Se stelle harren sintrum dizze wike derom iepen op tiisdei, tongersdei en freed. In berneterapeut docht by de screening in oantal spesifike mjittingen.

Siebren Wielinga fan sûnenssintrum Het Want

Scolios is Gryksk foar 'ferkromming'. De rêchbonke kin krom groeie en soms nei ien kant bûgje, wêrtroch't in bocht ûntstiet. Dêrneist kin der in ferdraaiïng fan de draaibronken ûntstean.

Scoliose by jonge bern hoecht net sear te dwaan, mar de bocht kin wol tanimme. Der kinne dan klachten komme lykas pine yn de rêch of problemen mei it sykheljen.

Trefwurden: 
Frjentsjer scoliose Het Want
(advertinsje)