Boalserters wolle ôf fan brêge A7: "Alles slacht griis út en dat azemje wy ek yn"

22 okt 2018 - 22:30

It falt noch it measte op oan 'e ein fan de simmer. De túnstuollen moatte wer oprêden wurde en de carports skjinmakke. En alles hat dan in grize laach krigen. "It kin hast net oars of dat komt fan it ferkear op de A7", seit Doet Boermans. "En dat krije wy sels dus ek binnen." Reden foar Boermans om mei in tal oare Boalserters yn aksje te kommen. De ferkearssituaasje op de A7 moat oars, fine se. Der moat in akwadukt komme.

Wa't yn de tún stiet by Boermans kin dúdlik it ferkear fan de A7 foarby razen hearre. Se wennet mei har man no goed tweintich jier op noch gjin hûndert meter fan de dyk. En dan binne der ek huzen dy't der noch tichter op stean.

"Op dit stuit stiet de wyn krekt de oare kant op en dan noch hearre je it ferkear hiel dúdlik. Ek nachts giet dat troch". Foar Boermans reden om in lûdsticht rolgerdyn oan te bringen yn de sliepkeamer.

It útsicht op de A7 fan Boermans - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mei Tom Mulder en oare buertbewenners is Doet Boermans in aksje begûn om derfoar te soargjen dat de oerlêst fan de A7 ôfnimt. De brêge yn de A7 soe dêrfoar ferfongen wurde moatte troch in akwadukt. "It soarget foar in freonlikere yngong nei de stêd foar it boatsjeferkear," sa seit Boermans. "Boppedat soarget it derfoar dat de auto's folle minder hoege te stopjen en wer op te lûken."

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

De aksjegroep kin rekkenje op stipe fan ûnder oaren Annemarie Jorritsma. Dêrneist siket de aksjegroep kontakt mei Transport en Logistiek Nederland en tal fan oare organisaasjes dy't harren helpe kinne it probleem yn Den Haag op de kaart te setten.

It is in rykswei en dus sil it beslút ta de bou fan in akwadukt ek troch it ryk naam wurde moatte. Sels hawwe se al lûdsmjittings dien dy't sjen litte dat it leven fan de dyk de noarm fier te boppe giet. Mar se freegje oan de gemeente om ek nochris in offisjele mjitting te dwaan.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

De aksjegroep skat de eigen kânsen frij heech yn. "De situaasje hjir is frij unyk. We sitte hiel ticht op de sneldyk en it is wol dúdlik dat der sprake is fan oerlêst. In oerlêst dy't nei alle gedachten allinnich noch mar slimmer wurdt."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Frou Boermans

Trefwurden: 
Boalsert A7
(advertinsje)