UPDATE: Bestjoerder komt om nei botsing tsjin beam by De Haule

By in ûngelok op de Krúswei by De Haule is moandeitejûn in 40-jierrige man út de gemeente Achtkarspelen omkaam. De man bestjoerde in buske dat yn de berm rekke en tsjin in beam botste.
Bestjoerder komt om nei botsing tsjin beam by De Haule
De traumahelikopter út Eelde waard oproppen, mar ek frij gau wer ôfsein. De dyk hat in tydlang ôfsletten west foar oar ferkear.