De Fryske Marren wol yn petear mei bewenners rekreaasjewenten

22 okt 2018 - 22:26

De gemeente De Fryske Marren wol fan 1 novimber ôf yn petear mei bewenners fan 88 rekreaasjewenten yn de gemeente. Dy wenten binne net bedoeld om permanint yn te wenjen. Dêrom moatte de bewenners derút.

It gemeentehûs fan De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn april krigen dizze minsken noch in brief mei in twangsom fan 15.000 euro. Se moasten binnen trije moannen in oar hûs hawwe. Yn de praktyk wie dat lykwols net te dwaan, om't de minsken yn lestige situaasjes sitte en om't der by wenningbouferienings net genôch huzen binne. Dêrom wol de gemeente it no persoanliker oplosse, troch de petearen.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma praat mei boargemaster Fred Veenstra

(advertinsje)
(advertinsje)