CBR: Friezen binne goede autoriders, tal yngrepen by rydeksamens hjir it leechste
Rydeksaminatoaren gripe net faak yn op de eksamens dy't yn Fryslân ôfnaam wurde. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) oer de earste njoggen moannen fan dit jier.
Yn de provinsjes Fryslân en Grinslân leit it persintaazje yngrepen it leechste fan hiel Nederlân. By 0,1 prosint fan de eksamens wurdt hjir yngrepen troch in eksaminator. Yn de provinsje Noard-Hollân leit it persintaazje it heechst mei 1,2 prosint.
Langere wachttiid nei ôfbrutsen rydeksamen
Yn de earste njoggen moannen fan it jier 2018 waarden mei-inoar 1.679 autopraktykeksamens ôfbrutsen om't de kandidaat in direkt gefaar foarme foar himsels of harsels, foar de meiridende ynstrukteur, de eksaminator of it oare ferkear. It CBR ferwachtet dat sa'n kandidaat minimaal seis wiken nedich hat om it gedrach oan te learen dat it CBR hawwe wol.
Eksamenkandidaten wêrby't yngrepen wurdt, krije mei yngong fan 29 oktober dan ek in langere wachttiid oant se wer eksamen dwaan meie, meldt it CBR.