Top en Twel hâldt enkête oer lûdsoerlêst A7

22 okt 2018 - 21:35

Hoe ûnderfine de ynwenners fan Top en Twel de lûdshinder fan sneldyk de A7? Dêr giet de enkête oer dy't Doarpsbelang yn gearwurking mei feriening Plan De Grachten yn de rin fan nije wike hûs-oan-hûs yn de doarpen ferspriede sil.

De A7 by Toppenhuzen - Foto: Google Streetview

Ofhinklik fan it resultaat wolle Doarpsbelang en Plan De Grachten it gemeentebestjoer en oare belutsen partijen benaderje om passende maatregels te treffen, bygelyks stiller asfalt, yntinsivere bermbeplanting en ferleging fan de maksimumsnelheid. It is foar de organisaasje dêrom fan belang dat safolle mooglik ynwenners fan Top en Twel de enkête ynfolje, ek as se gjin lêst hawwe fan de A7.

De A7 rint flak by de doarpen del - Foto: Google Maps
Trefwurden: 
A7 enkête
(advertinsje)