Gjin doelpunten by Jong SC Cambuur tsjin Jong FC Emmen

De wedstriid tusken Jong SC Cambuur en Jong FC Emmen is moandeitejûn einige yn in 0-0 lykspul. Der siet gjin spanning yn de wedstriid. De bêste kâns wie yn de earste helte foar Cambuur.
© Omrop Fryslân
It belofteteam fan de Ljouwerters bliuwt troch it lykspul tsjin Emmen op in njoggende plak stean fan yn totaal tsien ploegen dy't meidogge oan de kompetysje.