Bevers pleitet foar ynset riedsenkête as ûndúdlikens oer Cambuurstadion oanhâldt

22 okt 2018 - 21:03

De ûnderste stien moat boppe as it giet om it mooglik mislearjen fan it nije Cambuurstadion. Boargemaster Crone moat besykje om de Friese Poort wer oan tafel te krijen, om sa de skoalle wer yn it projekt te beheljen. Dat seit it Ljouwerter VVD-riedslid Harry Bevers yn It Polytburo.

ROC De Friese Poort makke freed bekend net mear mei te dwaan oan it projekt. De skoalle seit dat de wethâlders Douwstra en Deinum tasizzings dien hawwe oer it beteljen fan de hier yn de jierren dat ROC Friese Poort de tiid oerbrêgje moat oant it stadion klear is. De wethâlders ûntkenne dat.

Nije wike kriget de gemeenteried in saneamd 'feiterelaas'. Dêr stiet yn beskreaun hoe't de ûnderhannelings ferrûn binne. As dit relaas de ried net oertsjûgje kin, dan moat der neffens Bevers in riedsenkête komme. Dat swiere middel -ferlykber mei in parlemintêre enkête- wurdt hast noait brûkt. Allinnich by de nijbou fan De Lawei yn Drachten is ek sa'n enkête hâlden.

(advertinsje)