Deadlik ûngelok A6 tusken De Lemmer en Emmeloord

22 okt 2018 - 20:09

By in ûngelok op de A6 tusken De Jouwer en Emmeloord is moandeitejûn in persoan om it libben kaam. Dat meldt de plysje Flevolân. It ûngelok wie by Rutten. De brânwacht jout oan dat der twa persoane-auto's by belutsen binne. Ien fan de auto's is folslein útbaarnd.

Ongeluk Rutten - Foto: Jaring Rispens

Rjochting De Jouwer binne beide rydstroken ticht. Ferkear kin oer de flechtstrook. De dyk nei Flevolân is hielendal ôfsletten.

Personiel fan in traumahelikopter is oanwêzich om assistinsje te jaan. It ûngelok barde by it plakje Rutte, by hektometerpealtsje 293,7. De brânwachtkorpen fan Fryslân, Rutten en Creil binne op it plak fan it ûngelok oanwêzich.

UPDATE (22:28 oere)

De file yn noardlike rjochting is oplost. Rjochting suden bliuwt de A6 ticht, nei alle gedachten oant 12 oere moandeitenacht. Dat makket Rijkswaterstaat Verkeersinformatie bekend.

Trefwurden: 
ûngelok A6
(advertinsje)