Pachters en lâneigeners fjochtsje trochstek simmerdyk oan fanwege gefaar foar oerstreaming

22 okt 2018 - 20:04

It trochstekken fan de simmerdyk by it nije gemaal Fiifhuzen by Hallum is ûnferantwurde. Dat sizze de pachters en lâneigeners fan it lân achter de seedyk moandei tsjin de rjochter yn Ljouwert.

Seedyk Hallum - Foto: Google StreetView

Se fine dat de dyk net stabyl genôch is, dat de gersmatte net sterk genôch is en dat de gearstalling fan de dyk net doocht. De pachters en lâneigeners binne benaud foar oerstreamings as der in trochstek komt. De brûkers fan de grûn spanden in koart pleit oan om de trochstek foar in ferbining mei de see foar te kommen. De rjochter docht oer in wike útspraak yn dizze saak.

De útfierders fan it projekt binne Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea. It gemaal Fiifhuzen is bedoeld foar in bettere ôffier fan oerstallich wetter by swiere reinfal. Dêrnjonken soarget it gemaal foar de oergang fan swiet nei sâlt wetter, wêrtroch't bepaalde fisksoarten út de see tagong krije nei it binnenwetter.

It wetterskip en It Fryske Gea fine dat der genôch ûndersocht is en dat de trochstek feilich is. "Voor dit onderzoek, dat is uitgevoerd in opdracht van het waterschap en It Fryske Gea, is uitgegaan van verkeerde meetgegevens", seit de advokaat fan de pachters en de lâneigeners. "De metingen kloppen dan ook niet, waardoor de aanleg niet goed is gebeurd", seit se.

De ferbining mei de see soe ôfrûne woansdei al dien wêze. Dat is no, yn ôfwachting fan de útspraak fan de rjochter, útsteld. De grûnbrûkers easkje in ferbod op it trochstekken fan de Lontkade oant en mei tenminste 1 oktober 2019. Yn dy tiid moat ûndersocht wurde wannear't de trochstek wol feilich brûkt wurde kin. Dat moat in ûnôfhinklik ûndersyk wêze.

(advertinsje)