Betizing oer namme: Noordelijk Belastingkantoor giet yn Fryslân allinnich oer wetterskipsbelesting

22 okt 2018 - 19:52

72.000 ynwenners fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte krije fan 'e wike in werinnering, in oanmoanning of in twangbefel yn de brievebus fan it Noordelijk Belastingkantoor. Dat kantoar bart de belesting yn foar de trije noardlike wetterskippen en ferskate gemeenten yn Grinslân. Earder die Hefpunt dat.

Noordelijk Belastingkantoor - Foto: RTV Noord

Yn de simmer waarden ek al 65.000 belestingwerinneringen stjoerd en dat soarge doe foar in soad fragen. It kantoar waard platbelle troch tûzenen minsken dy't fragen hiene oer de werinnering of dy't it der net mei iens wiene. Der is no ekstra personiel ynset om de stream reaksje te ferwurkjen. Ekstra telefoanlinen, ekstra balys en útwreiding fan de online-tsjinst moatte soargje foar in bettere service.

(advertinsje)