Wetterskip evaluearret simmerdrûchte: maatregels wienen hurd nedich

22 okt 2018 - 17:37

Wetterskip Fryslân hat de ôfrûne drûge simmer in soad maatregels nimme moatten om de skea oan de natoer te beheinen. De grutste útdaging wie om genôch wetter nei de polders en natoergebieten te krijen.

dyk, kade, drûchte, skuorren - Foto: Omrop Fryslân

Yn de gebieten dy't heger lizze, sakke it wetter nei de drûge ûndergrûn. Dêrtroch kamen sleatten drûch te stean. Troch ferdamping en besproeiing rekken de sleatten noch leger.

Troch it ferheegjen fan de wetterstannen en in tydlik bereiningsferbod koe de sitewaasje better makke wurde. Troch wetter fan de Iselmar yn te litten koe it wetterpeil yn de Fryske boezem ek op peil hâlden wurde.

It wetterskip hat ek in soad ekstra kontrôles dien by kaden en op wetterkwaliteit. Op guon plakken wiene kaden skuord troch de drûchte. De wetterkwaliteit bleau reedlik oant goed, op in pear ynsidintele grutte gehaltes nei, sa as blau-alch en E-colibaktearje.

Der moasten ek maatregels naam wurde om it sâlter wurden fan it binnenwetter tsjin te gean. De Tsjerk Hiddessluzen waarden minder betsjinne.

It deistich bestjoer fan it wetterskip wol ûndersykje oft yn de takomst de bereining mear op maat regele wurde kin foar in gebiet en gewaaksoart. Ek oare saken sille besjoen wurde om it yn de takomst better te regeljen yn tiden fan drûchte.

(advertinsje)