Wedstriid fan de wike: boksgala fan Ljouwerter boksferiening Frisia

It boksgala fan Ljouwerter boksferiening B.A.V. Frisia sneon is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. De feriening bestiet 85 jier en hâldt sneon in grut gala yn Zalen Schaaf yn Ljouwert.
Wedstriid fan de wike: boksgala fan Ljouwerter boksferiening Frisia
Frisia is de âldste boksferiening fan Nederlân en organisearret it gala. De haadwedstriid is dy tusken Peter Müllenberg, dy't yn 2016 út namme fan Nederlân meidie oan de Olympyske Spelen, en Kilat Hallie.
"Mar der is ek Fryske ynbring", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Farshid Bos út Ljouwert is in grut talint. Hy bokst by de nasjonale seleksjes en komt sneon ek yn aksje yn Ljouwert."
© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.