Hoe giet it no mei ekoparadys Frijlân?

22 okt 2018 - 17:10

Frijlân moat ekoparadyske fan Ljouwert wurde. Krekt bûten de stêd stiet in fertutearze pleats. In lytse groep Friezen libbet dêr fan de natuer, yn tinten én sûnder gas en rioelearring. In healjier lyn wie it terrein noch in ravaazje.

Frijlân is yn april offisjeel iepene. De bewenners ha der tinten, saneamde yurts, delset om yn wenje te kinnen. De buorkerij en de skuorre binne opromme en ferboud, sadat de bewenners dêr troch ferskate aktiviteiten jild fertsjinje kinne.

Fan de natuer libje

De buorkerij tsjinnet ek as lyts briedplak foar selsstanich ûndernimmers en stazjêres helpe mei op it terrein. De bewenners wolle úteinlik hielendal fan de natuer libje kinne. Dêrneist wolle se de romte en frijheid fiele om kreatyf te wêzen en gjin jildsoargen te hawwen.

"As je altyd wurkje moatte foar in oar om jild te fertsjinjen om dyn holle boppe wetter te hâlden, dan giet dat ten koste fan de soargen foar mekoar" seit bewenner Irma Abelskamp. Dêrom hâlde se op Frijlân de kosten leech troch hiel goed nei te tinken oer wat foar enerzjy oft se nedich ha.

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

Troch sinnepanielen wurdt elektrisiteit opwekt en ha se harren eigen manier om fan ûnder oare stront waarm wetter te meitsjen.

Alles op Frijlân is duorsum en ekologysk ferantwurde om sa yn harmony te bliuwen mei de natuer en dêr ek fan te learen.

Trefwurden: 
Ljouwert ekoparadys Frijlân
(advertinsje)