Wetterskip: Hâld jo hûn by jo op seedyk, oars graaft er gatten

22 okt 2018 - 16:37

Wetterskip Fryslân komt yn aksje tsjin hûnebesitters dy't harren hûn net oan de line hawwe op de seediken. Neffens it Wetterskip is der hieltyd faker skea oan de diken omdat losrinnende hûnen der gatten yn grave. Dat bringt de feiligens yn gefaar.

Foto: Wetterskip Fryslân

It is ferbean om hûnen los rinne te litten op de Waad- en Iselmardyk. Ynspekteurs fan it Wetterskip sille fan moarn ôf kontrolearje op losrinnende hûnen. Oertreders krije in boete fan 90 euro.

Trefwurden: 
hûn Wetterskip Fryslân
(advertinsje)