Fjouwer moannen sel foar ynbraak by plysjeman

In 28-jierrige Ljouwerter dy't yn juny dit jier yn Ljouwert ynbruts by in plysjeman, hat fjouwer moanne sel krigen. De man hie ûnder oaren twa unifoarmbroeken en acht plysjepolo's stellen.
Ynbrekker mei in koefoet © Shutterstock.com
Ek in playstation, fotokamera en lego wie syn bút. De Ljouwerter waard oanhâlden omdat syn fingerôfdrukken fûn wiene op in plestik ferpakking. Doe't de man der sels achter kaam dat hy by in plysje ynbrutsen hie wie hy bot skrokken en smiet er alles fuort.
De playstation waard letter oanbean by in 'pandjeshuis'. De Ljouwerter seit dat er tinkt dat in junk dy fûn hat.
De man hie al in strafblêd. De rjochter lei njonken de fjouwer moannen sel ek noch twa moanne finzenisstraf ûnder betingst op.