Stichting ûndersiket bejeien fan húskatten

De Stichting Zwerfkatten Nederland begjint mei in ûndersyk nei bejage húskatten. Yn ûnder oaren Fryslân is it tastien om op wylde katten te jeien.
© Stichting Hanna
Neffens de stichting wurde ek húskatten slachtoffer fan dit belied. It is neffens de stichting foar jagers net sa maklik om it ferskil tusken in omrinnende húskat en in ferwyldere kat te sjen. Dat kin pas as in kat ta rêst kommen is en observearre wurdt.
Neffens har komme der sinjalen fan boargers dat se harren kat mei in kûgel of meardere kûgels weromfûn hawwe.
"Ons bereiken berichten van burgers die hun kat met een kogel of hagelregen hebben teruggevonden. Of mensen zijn hun gechipte en gecastreerde kat opeens kwijt zijn nadat er gejaagd is in het buitengebied achter hun achtertuin. Dat laatste is vreemd, want ook bij een overleden kat zal het dier bij ophalen gecontroleerd worden op chip, waarna contact op wordt genomen met de eigenaar."
De stichting wol no ynventarisearje hoefolle minsken oft hjir mei te krijen hawwe. Ek bistedokters en diere-organisaasjes wurde belutsen yn it ûndersyk.
© Omrop Fryslân
De melding kin sûnder de adresgegevens maild wurde as der mar in datum en in postkoade yn fermeld wurdt. Dat kin nei info@stichtingzwerfkattennederland.nl.