Bysûnder nôt werom op bertegrûn fan Menno Simons

Wytmarsumers kinne takom jier in bysûndere risping Amerikaansk nôt fan it lân helje. In groep doarpsbewenners hat moandei in bunder grûn ynsiedde mei 'Turkey Red Wheat'.
Bysûnder nôt werom op bertegrûn fan Menno Simons
Dit 'oergraan' ha folgers fan de Fryske tsjerkeherfoarmer Menno Simons, dy't berne waard yn Wytmarsum, yn 1875 meinaam op har flecht fan de Oekraïne nei Nebraska yn Amearika. It wurdt noch hieltyd ferboud troch famylje fan de oarspronklike emigranten.
© Luchtfotografie Camiel Ypma
Ferlachjouwer René Koster is yn Wytmarsum
Turkey Red Wheat groeit stadiger as oare soarten, mar der sitte mear fiedingsstoffen yn. De inisjatyfnimmers wolle de opbringst by in mûnder oant moal meitsje litte.
René Koster praat mei Yvonne Willems
© Omrop Fryslân, René Koster