Nije MST-terapy moat jeugd mei problemen better helpe

22 okt 2018 - 15:30

In nije terapy foar jongerein mei mearfâldige en earnstige problematyk moat problemen earder oplosse mei dizze bern. Ferskate helpferlieningsorganisaasjes lykas de GGZ en Jeugdhulp Friesland sille mei dizze MST-terapy oan 'e slach.

GGZ Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

MST stiet foar Multi Systeem Therapie. It is in koarte krêftige behanneling dy't neffens de ynstânsjes bewiisd effektyf is. By de behanneling wurdt ek de húshâlding dêr't it bern opgroeit belutsen. Ek bern, dy't mei geweld en ferwaarleazging te krijen hawwe, kinne der mei holpen wurde.

De resultaten fan de terapy binne goed trochdat de terapeut ticht op de húshâlding sit en de âlden bot belutsen wurde by de behanneling. It is kostebesparjend neffens de organisaasjes en wurket effektiver.

Yn Fryslân wurdt 29 oktober begûn mei de nije terapy.

(advertinsje)