Brân yn appartemint Ljouwert, bewenner oanhâlden

In bewenner fan in appartemint yn Ljouwert is moandei oanhâlden yn ferbân mei in brân by him thús. De brân wie oan it Súdfliet. De brânwacht hat it rút fan de foardoar ynslein om deryn te kommen.
© Kappers Media
Neffens in omstanner soe in keramyske itensiedersplaat in rol spile hawwe by it ûntstean fan de brân. De bewenners kaam yn ferset tsjin syn oanhâlding. Hy is meinaam.
Yn Broeksterwâld moast de brânwacht moandeitemiddei ek yn aksje komme foar in brân yn in wenning oan de Haaijehoeke. Yn de bykeuken wie brân ûntstien, nei alle gedachten troch in defekt yn in waskdrûger, of trochdat de waskdrûger te hjit wurden is. Der kaam in soad reek frij.