Opliedingen en bedriuwen krije jild om selstinkende fakminsken op te lieden

22 okt 2018 - 14:13

Gjin brave wurknimmers sûnder eigen inisjatyf, mar selstinkende, fleksibele en mobile fakminsken. Dêr moatte oplieders en bedriuwen op ta. Der is lanlik in lytse acht miljoen euro beskikber steld foar opliedingen.

Nordwin College - Foto: Omrop Fryslân

Ien miljoen euro dêrfan giet nei in gearwurkingsprojekt tusken mbo-opliedingen Nordwin en it Friesland College en sân bedriuwen, lykas FrieslandCampina en Douwe Egberts.

De arbeidsmerk is dynamysker wurden troch krimp en groeisektoaren. Bedriuwen en skoallen sille dêr harren belied op oanpasse moatte. It tal mbo-studinten nimt ôf. Dêrtroch sille wurknimmers faker ferskillende rollen krije en is in nij soarte fan fakmanskip nedich. Meiwurkers fan bedriuwen moatte mear regy krije op harren eigen ûntwikkeling.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn dizze feroaring sille bedriuwen in omslach yn tinken meitsje moatte lykas ek de mbo-opliedings dat moatte. De ien miljoen euro sil stutsen wurde yn de ûntwikkeling fan dizze nije foarm fan organisaasjes. Gearwurking tusken ûnderwiis en bedriuwslibben is dêrby fan grut belang.

Yn in perioade fan fjouwer jier sille fyzjes betocht wurde en komme der pilots yn bedriuwen, mei as doel nije wurkfoarmen te krijen yn in learende wurkomjouwing.

Peter Ferwerda fan Nordwin

(advertinsje)